Famylje Minnertsgea frijút

21 jan 2011 - 10:28
  • It hûs fan de famylje Wolbers

De famylje fan de man dy't fjouwer jier dea yn in hûs yn Minnertsgea lei, wurdt net ferfolge. It Iepenbier Ministearje hat dat bepaald. De man, de 50-jierrige Rients Wolbers, lei fjouwer jier dea op syn keamer yn it hûs dêr't er mei syn twa susters en twa bruorren wenne.

De fjouwer hiene al sûnt begjin 2006 gjin kontakt mear mei har broer, om't dy har frege hie him gewurde te litten. Net dúdlik is wurden wannear't de man krekt ferstoarn is en wêroan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)