Undersyk nei Ranch by Kollum

21 jan 2011 - 09:45

Nei de helberheid fan de plannen foar in ranch by Kollum komt nei alle gedachten in ûndersyk. In mearderheid fan de fraksjes liket dêr foar te wêzen. Dat die bliken op de riedskommisje fan tongersdei.

De gemeente Kollumerlân hat plannen om sa'n 50 ranches oan te lizzen yn it gebiet It Paradyske. Miljonêrs fan bûten de provinsje soene dêr yn de takomst sels in grutte lape grûn keapje kinne foar har hynders. Op 10 febrewaris nimt de ried in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)