El-Akchaoui nei VVV

Youssef El-Akchaoui
Youssef EL-Akchaoui makket it seizoen ôf by VVV. De klup út Venlo hiert de 29-jierrge ferdigener fan SC Hearrenfean. Beide klups kamen tongersdeitejûn ta in akkoart. Hearrenfean joech de foarkar oan ferkeap, mar dat slagge net.
El-Akchaoui kaam fan 't simmer op foarspraak fan trainer Ron Jans oer nei Hearrenfean, mar kin net op in basisplak rekkenje. Jans jout de foarkar oan Jong-A-Pin. El-Akchaoui hat noch in kontrakt oant 2013.