Midden yn de nacht stimme PS

Mei in grut feest yn De Harmonie yn Ljouwert hopet de feriening Jongeren en Polityk Fryslân mear studinten nei de stimbus te krijen. Op woansdei 2 maart binne der ferkiezings foar de provinsjale steaten. Gewoanwei komme dêr net in soad minsken op ôf.
Om tolve oere nachts stiet der bûten by De Harmonie in mobyl stimburo, sadat jongeren by it stappen har stim útbringe kinne. Earder is sa'n soarte projekt ek yn Grins dien en dêr stimden folle mear jongeren as oars.