Noch gjin sloop doktershûs

De eigners fan de dokterswente yn it sintrum fan Surhústerfean sille besjen oft it gebou stean bliuwe kin. Dat die bliken by in oerlis tusken de eigners, de gemeente en de aksjegroep dy't de sloop fan it histoaryske gebou foarkomme wol. De twa keapers wolle earst de finansjele gefolgen besjen yn it gefal it gebou stean bliuwt.
Der wie earder in sloopfergunning oanfrege, mar aksjefierders binne dêr op tsjin. It gebou soe neffens har thúshearre op de monumintelist.