Minder wurkleazen yn Fryslân

20 jan 2011 - 12:12

It tal wurkleazen yn Fryslân is oer hiel 2010 mei 2,1 prosint sakke. Yn jannewaris wiene der 22.105 wurkleazen, ein desimber wiene dat der noch 21.634. Wol is it tal wurkleazen yn desimber mei 6,6 prosint omheech gien. Dat hat benammen te krijen mei seizoenswurk.

Yn desimber waarden troch de froast benammen boufakkers en wegebouwers nei hûs ta stjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)