Falske melding dronken frou

20 jan 2011 - 11:39

In 38-jierrige frou út it Drintse Ruinerwold is woansdeitenacht oanhâlden op de Hoofdstraat-Oost yn Wolvegea. De frou hie yn in dronken bui de meldkeamer belle en in falske melding dien fan in fjochtpartij op strjitte.

De plysjes fûnen gjin fjochtersbazen, mar fûnen de frou wol. Doe't se har oanhâlde woene, fersette de frou har. Se is yn it buro fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)