Twa himpkwekerijen oprôle

20 jan 2011 - 11:32

De plysje hat woansdei yn Ljouwert twa himpkwekerijen oprôle. Op de souder fan in wenning oan de Billitonstrjitte waarden 296 planten oantroffen. De 33-jierrige bewenster is oanhâlden.

Yn in bedriuwsgebou oan de Abeelstrjitte waarden 250 planten fûn. Dêr is in 43-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De planten en de apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)