El-Akchaoui mooglik nei VVV

Youssef El-Akchaoui
VVV Venlo wol Youssef El-Akchaoui graach hiere foar de rest fan it seizoen. De Limburgers hawwe har neffens technysk manager Johan Hansma fan SC Hearrenfean offisjeel meld foar de 29-jierrige ferdigener.
El-Akchaoui kaam ôfrûne simmer oer fan NEC mei de bedoeling om it linksback plak yn te nimmen. Mar ûnder Ron Jans komt hy hast net oan spyljen ta. Jans jout de foarkar oan Calvin Jong-A-Pin. El-Akchaoui wol sels ek graach fuort.