Stellen guod yn bernewein

20 jan 2011 - 11:02

Twa froulju út Ljouwert hawwe woansdeitemiddei mei help fan in bernewein guod stellen út ferskate winkels oan de Dracht op It Hearrenfean. Meiwurkers hellen de plysje derby. Dy seach de twa froulju, 18 en 20 jier, mei de bernewein op strjitte rinnen.

De froulju binne oanhâlden. Se hiene de klean stellen en ûnder de poppe yn de wein ferstoppe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)