Gjin kâns Fryslân op Spelen

20 jan 2011 - 10:04

Fryslân makket gjin inkelde kâns om de Olympyske Spelen fan 2028 binnen te heljen. Dat seit Anton Bijkerk fan de Olympyske histoaryske feriening. Snits soe graach de silerij hawwe wolle, Sportstêd Hearrenfean it turnjen en Drachten it swimmen. Mar neffens Bijkerk binne de fasiliteiten yn Fryslân te lyts.

Tongersdei wurdt yn Papendal praat oer de ambysje om de Spelen fan 2028 nei Nederlân te heljen. Dat makket neffens Bijkerk gjin kâns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)