Roorda rint staazje by Esbjerg

20 jan 2011 - 09:44
  • Geert Arend Roorda

Geert Arend Roorda rint de kommende dagen staazje by it Deenske Esbjerg fB. As dat foar alle partijen neffens tefredenheid ferrint, dan wurdt de 22- jierrige Hearrenfean-middenfjilder foar de rest fan it seizoen ferhierd oan de ploech dy't op it ien nei lêste plak stiet yn de Deenske Superligaen. Nei it wykein falt de beslissing.

By Esbjerg fB komt Roorda ek in âlde bekende tsjin. Ald-Hearrenfeanspiler Arnór Smárason tekene ôfrûne simmer in trijejierrich kontrakt by de Denen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)