Kleinhuis direkteur HVD

© Omrop Fryslân
Wim Kleinhuis (50) wurdt fan 1 april ôf de nije direkteur fan de Hulpverleningsdienst Fryslân. Hy folget Carla Dubbelman op. Kleinhuis wurket no noch as direkteur by de plysje Flevolân, is lid fan de ried fan tafersjoch fan buro Jeugdzorg en foarsitter fan de Hardrijdersclub Heerenveen.
Sûnt 2007 wurkje de brânwacht, GGD en GHOR gear yn de Hulpverleningsdienst.