F-16's ûnderskeppe Russen

20 jan 2011 - 08:10

Twa F-16's fan de fleanbasis Ljouwert hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa Russyske Bear T-95 fleantugen ûnderskept. De Russen fleagen boppe Nederlân sûnder dat se harren bekend makke hiene. De Russen waarden al yn de gaten hâlden troch fleantugen fan Noarwegen en Denemarken. De F-16's hawwe de Bear-fleantugen folge oant de Ingelske Royal Air Force it oernaam.

De F-16's steanne 24 oeren deis klear foar de saneamde Quick Reaction Alert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)