'Europa' praat oer Frysk

20 jan 2011 - 07:27
  • It Europeesk Parlemint yn Straatsburg

Fryske organisaasjes en de provinsje oerlizze tongersdei yn Straatsburch mei Europarlemintariërs oer de posysje fan it Frysk yn Nederlân. It giet oer de fraach of it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen troch Nederlân wol genôch neilibbe wurdt.

Neffens de organisaasjes is dat net it gefal en soe Europa mear druk sette moatte op it regear yn Nederlân. It is foar it earst dat der oer it Frysk praat wurdt yn it Europeesk Parlemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)