Kompleks Sint Anne moat troch

It Van Haarenshûs is noch lang net ôf
De bou fan it omstriden soarchkompleks foar demintearjende âlderen yn Sint Anne moat dochs trochgean. Dat fynt de gemeente It Bilt. Mear as fiif jier lyn is al mei de bou fan it Van Haarenshûs begûn, mar troch beswieren fan de neistlizzende supermerk is it gebou net ôfmakke.
De gemeente hat opnij juridysk advys ynwûn en ek eksterne saakkundigen sizze dat de gemeente de saak no winne kin.