'Oplossing' Skylger befallings

Mooglik is der in oplossing fûn foar it probleem fan Skylger froulju dy't graach op Skylge befalle wolle. De húsdokters fine thúsbefallings net mear ferantwurde. Om de nije generaasje Skylgers dochs Skylge as berteplak te jaan, goaide boargemaster Visser fan Skylge dêr in baltsje oer op by syn Ljouwerter kollega Crone.
Miskien kin der in lyts stikje Skylger grûngebiet komme yn it MCL sikehûs. Boargemaster Crone wol der serieus nei sjen.