Kultuerhûs yn Aldehaske

De sporthal dy't sloopt wurdt
Yn Aldehaske binne de hantekens set foar de ûntwikkeling fan it nije kultuerhûs. Dat is in soarte fan multyfunksjoneel sintrum. Yn it gebou komt in gymseal en der is ûnder oare ek romte foar in biblioteek.
It kultuerhûs komt op it plak fan de hjoeddeiske gymseal. Dy sil foar de ein fan dit jier sloopt wurde. Takom jier moat it nije gebou klear wêze.