Konsert foar Johan útsteld

It benefytkonsert foar de sike Johan is útsteld. It konsert, dat kommende snein foar de âld-sjonger fan Twarres hâlden wurde soe, is ferpleatst nei in noch fêst te lizzen datum fan 't maaitiid.
Ferskate artysten hiene har optreden al tasein, lykas Syb van der Ploeg en Piter Wilkens. It is net dúdlik oft sy ek op de nije datum meidwaan kinne, sa stiet te lêzen op de webside fan Twarres.