Eigner stellen guod socht

19 jan 2011 - 11:20

De plysje siket de eigners fan stellen guod. Dat is koartlyn fûn yn it hûs fan in Burgumer (29). De plysje die ûndersyk nei de man, om't er fertocht waard fan in ynbraak yn in wente oan it Fliet yn Ljouwert. De bút fan dy ynbraak waard werom fûn by de Burgumer en by in oare fertochte. in ynwenner (30) fan Doanjum.

Foto's fan it ekstra guod dat de plysje by de Burgumer fûn steane op de webside Dadergezocht.nl. It giet om horloazjes, telefoans en kamera's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)