Ferwûne man hie rûzje

19 jan 2011 - 11:08

De man dy't moandeitenacht slim ferwûne fûn waard yn in hûs oan de Soendastrjitte yn Ljouwert is it slachtoffer wurden fan in rûzje. De man hie neffens eigen sizzen ien op besite dy't om ûnbekende redenen ynienen lilk waard. Hy sloech en skopte dêrby de Ljouwerter en stuts him mei in mes. De man rekke dêrtroch sa ferwûne dat er net heard wurde koe.

Nei in operaasje koe mei him praat wurde. De plysje wit wa't de dieder is, mar hat dy noch net oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)