Bakker Bilgaard bêste winkel

19 jan 2011 - 09:25

De bakkerswinkel yn Bilgaard is de bêste fan dit jier. De organisaasje fan echte bakkers yn Nederlân joech de saak fan Van der Kloet yn it Ljouwerter winkelsintrum de measte punten. By dy beoardieling wurdt sjoen nei de produkten, mar ek nei saken as betsjinning en hygiëne. Der binne 220 echte bakkers yn Nederlân.

Neist de bêste winkel wurde ek de bêste bakker en de bakker mei de heechste kwaliteit keazen. Dy prizen foelen net yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)