Soad minsken fuort by kasino

18 jan 2011 - 19:41

By it Holland Casino yn Ljouwert ferdwynt in treddepart fan de banen. It kasino sit al langer yn swier waar. Neist it skrassen fan in grut tal banen, besiket it kasino kosten te besparjen troch de iepeningstiden werom te bringen.

Tiisdei binne de meiwurkers op de hichte brocht. Fan de 70 banen soene der 30 ferdwine. Besjoen wurdt noch of meiwurkers by de festigingen yn Grins en Enschede wurkje kinne. Fakbûn FNV is teloarsteld oer it beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)