Plysje siket fermiste man

18 jan 2011 - 19:28

De plysje is yn Fryslân en Grinslân op syk nei in fermiste man. De 60-jierrige Nederlanner Peter Jan Nieuwdorp is moandei yn 'e war út syn wenplak Basel yn Switserlân nei Nederlân riden.

Neffens syn tillefoangegevens wie er tiisdeitemoarn yn de omjouwing fan Leek en Drachten. De plysje en syn famylje freze foar syn sûnens. Nieuwdorp rydt yn in griene Fiat Stilo mei in Switsersk kenteken. De plysje wol witte as ien him sjoen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)