'Weriepenje saak-Sahar'

18 jan 2011 - 15:34

De advokaat fan Sahar út Sint Anne wol dat har rjochtsaak oer oft se yn Nederlân bliuwe mei, weriepene wurdt. Flechtlingorganisaasje UNHCR fan de VN hat yn in brief skreaun dat Sahar as flechtling erkend wurde moat. Se rint gefaar yn Afganistan, om't se te ferwestere is. De rjochter en minister Leers kinne it brief negearje by harren beslút, mar dat kinne se net samar dwaan, seit advokaat Stieger.

No tongersdei soe de útspraak wêze fan de rjochter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)