Ron Jans docht boekje iepen

18 jan 2011 - 13:48

Legere skoalle It Fiifde Sté yn Haskerdiken hat tiisdeitemoarn it spits ôfbiten fan de Nasjonale Foarlêsdagen. Trainer Ron Jans fan SC Hearrenfean spegele syn eigen húshâlding yn in ferhaal oer stoute bearkes. Dat wie ien dei foar de offisjele start omdat de bern fan 'e skoalle perfoarst Ron Jans hawwe woene.

Ron Jans fertelde oer trije bearkes en tocht dêrby oan syn eigen soannen. Hy neamde de beareheit ek Ron. As heit hat Jans syn bern in soad foarlêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)