'Helje prostitúsje fan Weaze'

De prostitúsje moat ferdwine fan de Weaze yn Ljouwert. Dat fynt de CDA-fraksje yn dy stêd. Jûns is it neffens de partij ûnfeilich op 'e Weaze, omdat der ûnder oare drugsdealers en drugsgebrûkers nei de rosse buert komme.
De prostitúsje ferskoot troch de ûnfeilige situaasje hieltyd mear nei de wenwiken. Neffens it CDA moat dêrom socht wurde nei in oare lokaasje.