Wilkens súksesfol yn Amsterdam

18 jan 2011 - 11:07

Piter Wilkens hat moandei foar in folle Kleine Komedie yn Amsterdam spile. Hy brocht dêr syn Fryske Cornelis Vreeswijk-lieten foar it fuotljocht. Erik van Muiswinkel, Jeroen van Merwijk en Jeroen Zijlstra diene ek mei oan 'e jûn.

Wilkens song op 'e Vreeswijkjûn ek de Liwwarder Blues mei Van Muiswinkel, Van Merwijk en Zijlstra. It bysûndere wie dat de oare manlju yn plak fan Liwwarden harren eigen wenplak songen. Der wiene sawat 400 besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)