Trochride nei botsing mei fyts
In man út Easterbierrum is moandei yn Harns trochriden nei in oanriding. De man ried mei de auto tsjin de rjochting yn oer de Noarderhaven. Hy ried dêr in man fan 79 jier fan 'e fyts. It slachtoffer rekke ferwûne en is troch in dokter behannele.
De autobestjoerder wie troch de oanriding de kentekenplaat kwytrekke. Sadwaande koe de plysje him maklik fine. De Easterbierrumer hat in bekeuring krige.