Swierferwûne nei oerfal thús

18 jan 2011 - 10:35
  • It hûs yn de Soendastrjitte

In 38-jierrige man út Ljouwert is yn 'e nacht fan moandei op tiisdei yn syn eigen hûs oan de Soendastrjitte oerfallen. Hy waard stutsen mei in foarwerp. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht en hy leit op de intensive care.

De plysje hat noch gjin idee wat der krekt spile hat, want de man is noch net oansprekber. Der is in spoare-ûndersyk dien. It buertûndersyk rint noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)