Run op jild foar toerisme

De Potten oan 'e Snitsermar
De Fryske rekreaasjeûndernimmers hawwe wer fertrouwen yn de takomst en doarre te ynvestearjen. Dat konkludearret deputearre Jannewietske de Vries út de stoartfloed oan subsydzjeoanfragen foar de ûntwikkeling fan toeristyske bedriuwen dy't moandei binnenkaam.
Foar de sektor is 1 miljoen euro beskikber, mar der waard binnen in dei 3,3 miljoen oanfrege foar 42 plannen. De subsydzje wurdt allinne takend as de ûndernimmer sels noch in grutter bedrach ynvestearret.