Dokterwenning foarearst sparre

It doktershûs wurdt foarearst net sloopt
In groep Feansters komt yn aksje foar it behâld fan de âlde dokterswente yn it sintrum fan Surhústerfean. De gemeente wol in sloopfergunning ôfjaan. Op it plak moat winkelromte komme.
De ferûntrêste Feansters fine it gebou fan histoarysk belang en fine dat it behâlden wurde moat. De aksjefierders miene dan ek dat it thúsheart op de monumintelist. Boargemaster Van der Zwan fan Achtkarspelen leit de sloop foarearst stil.