Nije simulator seefeartskoalle

17 jan 2011 - 21:18

Op de seefeartskoalle op Skylge wurdt tiisdei in nije skipssimulator yn gebrûk nommen foar studinten dy't yn de baggeryndustry wurkje wolle. Mei de simulator kin oefene wurde mei it farren mei in modern baggerskip en it brûken fan in spesjale sûger om sân, klaai en grint fan de seeboaiem te heljen.

Nederlânske baggerbedriuwen hawwe meibetelle oan de ûntwikkeling en oanskaf fan de simulator.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)