Foto's fan boskwachters online

17 jan 2011 - 19:57

Seis meiwurkers fan It Fryske Gea mei niget oan fotografy begjinne in eigen webside mei natoerfoto's. Op www.geabylden.nl wurde benammen foto's fertoand dy't makke binne yn de natoergebieten fan It Gea.

De fotografen wurkje as boskwachter of natoerbehearder by It Gea en wolle mei de foto's sjen litte hoe moai oft de Fryske natoer is. De foto's kinne ek brûkt wurde op tentoanstellings oer de natoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)