Undersyk nei flearmûskastkes

In flearmûskastke
Der moat ûndersyk komme nei it nut fan flearmûskastkes. Dy wurde brûkt wannear't in gebou dêr't flearmûzen sitte, sloopt wurdt. Flearmûzen binne beskerme bisten en dêrom moat der in nij plak fûn wurde. Mei it leverjen en ophingjen fan spesjale kastkes foldocht de provinsje oan de easken.
De provinsje wit lykwols net oft de bisten no ek echt yn de kast sitten gean. Dêrfoar is ûndersyk nedich, fynt de provinsje.