OV-chipkaart yn trein Arriva

17 jan 2011 - 17:13

Ferfiersbedriuw Arriva set moandei oer in wike útein mei de OV chipkaart. By wize fan proef koe de kaart al in skoft brûkt wurde. It is no fertroud genôch om de kaart rûnom yn te fieren.

Yn 'e proefperioade is wol wat misrûn mei de OV-chipkaart. Sa krigen minsken mei in NS-koartingspas foar rêstige tiden wol koarting as se in kaartsje kochten foar in Arrivatrein, mar net as se mei de chipkaart reizgen yn sokke treinen. De flaters moatte no foarby wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)