Erasmushiem oan 'e games

17 jan 2011 - 14:52

Bewenners fan wensoarchsintrum Erasmushiem yn Ljouwert dogge mei oan in bysûndere proef. Hegeskoalle NHL hat yn gearwurking mei in Japanske universiteit in apparaat nei Nederlân ta helle. De 'serious gaming' moat âlderein yn beweging hâlde en soargje foar in better lykwicht.

Oer fjirtjin wike wurde de earste resultaten fan de proef bekend. De NHL wol úteinlik sels in apparaat ûntwikkelje dat âldere minsken thús brûke kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)