Tydlik boarplatfoarm It Amelân

17 jan 2011 - 12:01

De NAM wint fan dizze wike ôf ierdgas op in nij, tydlik platfoarm by It Amelân. Dat komt by it besteande boareilân te lizzen, trije kilometer út de kust op 'e Noardsee. It nije boarplatfoarm is nedich om't der in ekstra boarput slein wurdt. Boarje yn dy put fan it besteande platfoarm ôf is net mooglik. Dêr wurdt ierdgas boppe de grûn helle.

It tydlike boarplatfoarm wurdt nei alle gedachten yn maaie fan dit jier wer ôfbrutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)