Restaurants helpe Mc Donaldhûs

Eindeloos yn Ljouwert
Twa restaurants yn Ljouwert komme yn febrewaris mei in spesjaal menu om it Ronald Mc Donaldhûs yn Ljouwert te stypjen. It giet om Eindeloos en 't Kookpunt. De mielen kostje 30 euro. Fan dat jild giet 5 euro nei it sliep- en ferbliuwhûs.
Yn in Ronald Mc Donaldhûs by sikehûs MCL kin famylje terjochte fan bern dy't opnaam binne. Faak giet it om minsken dy't fan 'e Waadeilannen komme en dy't net mear weromkomme kinne. Foar elke oernachting is 60 euro nedich.