Trije bekeurings tagelyk

17 jan 2011 - 10:54

In ynwenner fan Ljouwert hat snein trije bekeurings krige. De 18-jierrige jonge waard op de Bleekleane yn syn wenplak oanhâlden omdat it achterljocht fan syn auto stikken wie. By de oanhâlding die bliken dat er ek gjin rydbewiis hie. Boppedat koe er gjin identiteitskaart sjen litte. Letter die ek noch bliken dat er de plysje in falske identiteit opjûn hie.

Nei in besite oan it plysjeburo koe de jonge mei trije bekeurings yn 'e bûse wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)