Aldegea-W. wint FK damjen

De dammers fan Aldegea-Wymbritseradiel binne sneon yn Easterein Frysk Kampioen Frysk damjen wurden. Se nimme dêrmei de titel oer fan Hartwert, dat mei in twadde plak de titel net wist te prolongearjen. Tred yn de earste klasse waard Skearnegoutum en De Gaastmar degradearre.
Oan it FK 'oer alles hinne' yn kafee Bergsma diene fjirtjin teams mei, ferspraat yn fjouwer klassen.