Brûns foar Knegt op EK

16 jan 2011 - 16:22
  • Knegt: tredde op it EK

Shorttracker Sjinkie Knegt hat snein op it EK yn Thialf yn it einklassemint in knap tredde plak helle. Troch in tredde plak op de lêste ôfstân, 3000 meter, koe Knegt de konkurinsje foar it brûns foar bliuwe.

It goud gie nei de oppermachtige Frânsman Fauconnet, twad waard de Let Silovs. Sneintemiddei is der noch in lannewedstriid oer 5000 meter, mei ûnder oare Daan Breeuwsma en Sjinkie Knegt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)