Plysje bende Skylge op spoar

16 jan 2011 - 16:01

De plysje is de bende op it spoar dy't twa jier lyn by tal fan ûndernimmers op Skylge ynbrutsen hat. Dochs binne de slachtoffers lulk op de plysje, omdat it ûndersyk net goed útfierd wêze soe en omdat der noch hieltyd gjin fertochte oanholden is.

De bende kaam sels werom om guon saken nochris leech te heljen. Teamsjef fan de resjerzje Wessel Veenstra is it dermei iens dat alles te lang duorret, mar dat hat neffens him te krijen mei gebrek oan tiid, middels en minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)