Lilk op DS om Sintrale As

Minsken dy't grûn ôfstean moatte foar oanlis fan de Sintrale As binne lulk op de provinsje. Ein desimber ha se dochs in brief krigen fan de provinsje mei in foarstel oer de priis fan de grûn. Binnen tsien dagen moasten se reagearje op it oanbod.
Yn novimber bepaalde de Ried fan Steat dat de dyk net oanlein wurde mei. De provinsje moat earst better ûndersyk dwaan nei de needsaak. Fanwege dy ûnwissichheid soene deputearre steaten gjin 'ûnomkearbare saken' behannelje.