Lekkumer krijt glês yn gesicht

In 17-jierrige Lekkumer is sneon mishannele yn in kafee oan de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp. Dêr wie rûzje ûntstien tusken de 17-jierrige en in noch ûnbekende kafeebesiker. De Lekkumer waard dêrby mei in glês yn it gesicht slein.
It slachtoffer waard nei it sikehûs yn Ljouwert brocht en krige dêr mar leafst tweintich hechtingen yn it gesicht. Doe't er wer thús wie, belle er de plysje. Dy koe doe allinnich noch mar in oanjefte opnimme.