Fernielings op 'e Gordyk

16 jan 2011 - 14:35

De plysje hat sneontenacht krekt bûten De Gordyk fjouwer Jobbegeasters fan 16, 17 en 18 jier oanholden foar fernieling. In tsjûge hie sjoen dat fjouwer jongeren buorden omsmieten en fernielings oanbrochten. Doe't de warskôge plysje kaam leine ferskate ferkeapbuorden om. Der stie ek in boerd op de rotonde by de Nijewei.

Doe't de plysjes rjochting Jobbegea rieden, kamen se de fjouwer jonges tsjin. Al gau waard dúdlik dat se by de fernielings belutsen wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)