Utnaaide brommerrider oppakt

16 jan 2011 - 14:24

In 16-jierrige bromfytser is sneon nei in efterfolging op It Hearrenfean troch in motorplysje oanholden. Doe't de jonge de plysje seach, naaide er mei hege snelheid út. Nettsjinsteande in stopteken ried er fierder oer de stoepe de Woltmansstrjitte yn. Op de Stasjonsstrjitte koe de plysje him oanhâlde.

De jonge moast rinnende mei de brommer oan de hân mei nei it plysjeburo. Hy krige proses-ferbaal foar in fiiftal oertrêdings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)