Bonken dino yn Natuermuseum

By it Natuermuseum yn Ljouwert kamen snein twa grutte frachtauto's fol bonken oan. It giet om bonken fan dinosaurussen, dy't brûkt wurde foar in grutte tentoanstelling. Der komme ek komplete dino-modellen.
De útstalling wie oant no ta allinne yn Súd-Europa te sjen. Omdat de eigner winterdeis gjin plak hat foar de bonken en skeletten, hat er kontakt socht mei it Natuermuseum. Dêr wurdt no in útstalling makke, dy't kommende sneon iepene wurdt.