Aksje tsjin sloop doktershûs

16 jan 2011 - 09:14

In groep ynwenners en âld-ynwenners fan Surhústerfean komt yn aksje tsjin de sloop fan in monumintaal pand yn it sintrum fan it doarp. It giet om it eardere doktershûs oan de Kolk. De groep is mei in petysje op ynternet begûn om de sloop te kearen.

De aksjefierders fine dat it 19e-ieuske gebou byldbepalend is. Neffens har is it ien fan de pear gebouwen mei histoarje yn it doarp. Der kin noch oant tiisdei beswier makke wurde tsjin de sloopfergunning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)