Aris wint nei sterk 4e kwart

15 jan 2011 - 22:59

De basketballers fan Aris hawwe harren earste oerwinning fan 2011 binnen. Nei twa soere ferliespartijen, waard Weert yn eigen hûs mei 70-67 oan kant setten.

Dêr like it oan de begjin net op. Aris begûn striemin en stie by it skoft mei 37-26 achter. De achterstân rûn noch fierder op nei 16 punten, mar doe sloech de wedstriid om. It begûn te rinnen by Aris en yn in sucht en in skeet stie de ploech op foarsprong. In spannend slot folge, mar Aris hâlde knap stân tsjin de direkte konkurrint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)